Famylje keatsen grut sukses!
De buorden hiene it de hiele wike al oanjûn, “FREED ledekeatsen”, en guon minsken begrepen wer dat om gie, it famyljekeatsen. Der wie dan ek in enoarme opkomst want as je fyftjin partoer op de list hawwe wêrfan der mar twa mei twa dan ha je it fjild moai fol. Mar ek taskôgers wiene der genôch sadat de ek noch banken bij moasten. It moaie oan dit evenemint is dat der keats wurd mei in sêfte bal. Jo maaie net in ien kear oer de boppe, dit jout moaier tusken spul en der is hast altyd ek in stuit dy’t dat tuskenspul mooglik makket. We setten koart nei healwei sanen útein mei de earste omloop. Fan of dat momint wie it lûd op it fjild in grimelgrammel fan praten, roppe en foaral laitsjen. Der wie wille op it fjild. Al gau murken minsken dat it rare stuitsjen fan de bal ekstra mooglikheden joech en se giene de fol foar. Soms mei grappige mominten ta gefolch, is sis it nochris, wat in wille. De tiid halt gjin skoft en dat murken we ek dizze jûn. Nei trije omlopen fan in oere bin je wis dat it skimerich wurd. Mar in finale moat altyd keatst wurde en dus dizze gie ek troch. It wie de famylje de Groot, Gjalt, Amarins en nestor Sjirk , dy’t in krâns oan de muorre bij hingje koene. Se wûnen fan de, neffens in fan in oar partoer, “pittige dames”, Hedwich Stienstra en Lyssa van der Ende. Nei in moaie neisit giene de winners gongen nei hûs mei in moaie stikje tsiis en woarst. Útslach: 1e priis: Amarins de Groot, Gjalt de Groot en Sjirk de Groot 2e priis: Lyssa van der Ende, Hedwich Stienstra 3e priis: Rutger Fopma en Wilco Fopma – Dayna de Boer, Sjouke de Boer en Hans de Boer 1e priis ferl: Bregt Arendz, Wisse Arendz en Jehannes Arendz. 2e priis ferl: Nynke Wiedijk en Reinder Wiedijk foto's folchje
Geplaatst op 16 June 2013